Fangst fan 'e demoandolfyn, de vierde bundel van 'poet of place' en
Gysbert-Japiksprijswinnaar Abe de Vries, is je reinste zeedijklyriek. Naar de
vorm afwisselend klassiek en vrij, zijn de gedichten stuk voor stuk neergezet in
het adembenemende, nog grotendeels authentieke kustlandschap van Friesland,
Groningen en Noord-Duitsland. Zwervend langs de grens van slik en klei proeft de
dichter het zout van de hartstocht en zoekt hij bij storm en springtij een
bestendige liefde. De bundel is een uitgave van Bornmeer >>
ierappellân
Ovaal is it nei-de-haventeken fan de ierappel.
De Súd-Amerikaanske,
medisinale soarte,
yn Ierlân in amulet tsjin de god fan de honger,
wy
offerje dizze knol oan de god fan de see.
Wy jouwe him oan ’e koggen
mei,
ús dollers’ gebeden om heil derachteroan
foar de slimste korrupsje
hjir: stikkene knibbels.
Longen, oantaaste troch opstowend stof,
komme
oan ’e ein fan it earste fjild
op gong as in foaroarlochse
trekker.
Myn neilen hawwe respekt foar de ierdwoartel,
myn hannen
kegelje dermei tusken de riggen.
Dit dykskritelân mei syn ierappels yn ’e
drek
lês ik as in grûnsee, foar my útlein, mar yn ’e stringen.
En ik
sjoch se dêr rinnen, trêdzjend
yn ’e gong dy’t dizze myte tinken is,
op
wei nei it lêste kertier fan de moanne:
pake en oerpake drage it habyt fan de
jutesek.
Fjouwer suverjende eagen snaaie de sike planten.
© Abe de Vries, 2008
Peter Knipmeijer
Peter Drehmanns
Nanne Nauta
Eelke van Es
Lenze L. Bouwers
Reine de Pelseneer
Jabik Veenbaas
Hans van Willigenburg
Peter Swanborn
Leo Herberghs
Ton van 't Hof
Ton van Reen
Joris Miedema
Peter Drehmanns
Frits Criens
Rik Andreae
Jabik Veenbaas
Sacha Blé
Bernhard Christiansen
Delphine Lecompte
André van der Veeke
Reacties