Op de website van Bornmeer kunnen jullie de volledige tekst downloaden. Ik pik er een paar alinea's uit:
‘As tinken in lústerjen is/ nei it sprekken fan taal’, skriuwt de dichter Abe de Vries yn it gedicht ‘Wat him sizze lit’, ‘en dichtsjen it foar-sizzen/ fan it ûnbekende,// dan tink ik oan myn tael/ lykas de fûkehifker oan ‘e Ried/ grien-griis as by Winaam./ Ik tink oan har lykas/ in fûgelfanger oan syn faam,/ in snieman oan snie.’ Dat binne ynkringende regels, dy’t yn al harren direktens en ienfâld in wrâldbyld likegoed as in trochtochte opfetting oer de poëzij oproppe. Dat wrâldbyld en dy opfetting, sa docht hieltyd bliken yn de bondel In waarm wek altyd, binne kompleks en se trilje steefêst fan trochlibbenens. Mar it knappe is dat dy rykdom, dy djipgong, him hieltyd manifestearret yn skerp útsniene bylden, yn formulearrings dy’t út it hert fan de poëzijlêzer samar reitsje.
Dat hat te krijen, binne wy fan betinken, mei it raffinemint fan syn bylden en ferlikings. Sjoch mar nei dat earste sitaat: de dichter wol it oer syn poëtika hawwe, mar hy docht dat yn termen fan de lanlikste fan de beroppen. Hy ferliket syn oangelegenheden mei dy fan de jagers en de fiskers, dy’t sûnt minskeheugenis de werklikheid sûnder in swym fan poëtikale bekommernis yn ‘e mjitte komme. It dichterskip, liket hy te sizzen, moat it ha fan de ienfâld en direktens fan de tradysje, ek no of ek no noch, no’t it plak fan de dichter nei de marzje fan de âlde ambachten ferdreaun is en de taal yn syn sizzenskrêft algeduerich oanfretten en fersliten liket te wurden yn in oerweldigjend gebrûk. De dichter hechtet him oan ienfâld en oarspronklikens, sûnder te kiezen voor wrâldfremdens.
Dat is bysûnder, want by sekuer lêzen en op ‘en nij lêzen komt in hieltyd rikere wrâld yn de poëzij fan Abe de Vries. Hjir is immen oan it wurd dy’t syn klassieken ken, de Fryske poëzij likegoed as de poëzij fan fier dêrbûten, mar ek immen dy’t syn wrâld ken, teminsten syn part fan de wrâld, Europa, en de skiednis dêrfan. En dat sjongt allegearre mei yn wat hy skriuwt. Hy libbet yn in werklikheid dêr’t de rike, hast ûnbegrinzge romte en de delslach fan de skiednis blykber ûnûnderbrutsen yn syn bewustwêzen oanwêzich binne.
(...)
It snijt in protte yn In waarm wek altyd. Dat die it ek al yn De weromkommer yn it ûnlân, de earste bondel van Abe de Vries, de bondel dêr’t hy yn 2002 as dichter debutearre. Dat is net sûnder reden. De troch snie bedutsen wrâld sjocht der, yn alle gefallen op de earste dei fan de snie, as nij út, as in ûnbeskreaun blêd. Tagelyk makket al dat monogrome wyt de wrâld fan it iene op it oare stuit grutter.
It sil dúdlik wêze wêrom at dy besnijde wrâld him sa oansprekt. Efkes hat de wrâld syn skiednis bedutsen - en dat nota bene mei it wyt dat derom raast om beskreaun te wurden. Hij wol der fuortdaliks op ôf, ‘Achter in Frysk faem op redens oan/ tôgje ik de wrâld út, hâld skoft// by sinesappelbikinys op it basalt/ ûnder Sandór-Pet_fi-brêge’, hopsakee, yn ien drokte fan de iisbaan yn Winaam nei Boedapest, om’t hy in pin en in poëtyske ferbylding ta syn foldwaan hat. Dat is skitterjend.
(...)
Der wurdt, stelden wy ûnder ús berie fêst, in soad, in opfallend soad goede poëzij skreaun yn de hjoeddeistige Fryske literatuer. Wy hawwe de rispinge fan in tal jierren sekuer besjoen en besprutsen, al wie it mar om nei te gean oft wy ús net op it no, it opfallende sukses fan in hiele generaasje jonge of betreklik jonge Fryske dichters, ek bûten Fryslân en ek yn wichtige media, blyn stoarre hawwe en dêrtroch in fergetten âlder talint fersleauke hawwe soene. Mar de jongerein hat wûn, de renêssânse yn de Fryske poëzij dêr’t sa faak nei ferwiisd wurdt is net allinne in media-barren, dy renêssânse is ek in feit. Wy hiene sûnder muoite fiif dichters en harren wurk nominearje kinnen foar de Gysbert Japicxpriis 2005 en de bekroaning fan elk fan harren soe op goede grûnen te ferdigenjen west ha.
Mar it dichterskip fan Abe de Vries, mear yn it bysûnder syn bondel In waarm wek altyd, stekt troch toan, tematyk en behearsking sa opfallend boppe it meanfjild fan ‘e hjoeddeiske Fryske poëzij dat wy him unanym en mei in protte nocht en wille foar de Gysbert Japicxpriis 2005 foardrage.
De sjuery,
Klaas van der Hoek
Jitske Kingma
Michaël Zeeman, foarsitter
Amsterdam, Ljouwert, Rome, augustus 2005
Lenze L. Bouwers
Reine de Pelseneer
Jabik Veenbaas
Hans van Willigenburg
Peter Swanborn
Leo Herberghs
Ton van 't Hof
Ton van Reen
Joris Miedema
Peter Drehmanns
Lammert Voos
Frits Criens
Rik Andreae
Jabik Veenbaas
Sacha Blé
Bernhard Christiansen
Delphine Lecompte
André van der Veeke
Gert de Jager
Hans van Willigenburg
Peter Knipmeijer
Maarten Das
Nanne Nauta
Onder redactie van Heytze en Breukers
Peter M. van der Linden
Jabik Veenbaas
Diverse auteurs
ACG Vianen
Rob Molin
Bart FM Droog
Lies Van Gasse
David Pefko; Het voorseizoen
Kan iemand dit vertalen in het Nederlands?
Geplaatst door: Liesbeth van Dalsum | 28-9-05 om 11:17
Ze vinden de poëzie van Abe het mooist.
Geplaatst door: Chrétien Breukers | 28-9-05 om 11:23
Is Michael een Friese Zeeman?
Geplaatst door: max | 28-9-05 om 13:23
Michaël Zeeman woonde lang in Friesland, leest de taal en heeft wel wat kijk op poëzie.
Geplaatst door: Chrétien Breukers | 28-9-05 om 13:30